Streekomroppen RTV NOF en RTV Kanaal 30 wolle fusearje

21 feb 2020 - 13:27

De streekomrop foar Dantumadiel en Noardeast-Fryslân RTV NOF en dy fan Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel RTV Kanaal30 wolle fusearje. Se dogge dat om't se tinke dat it de iennichste wize is om media-oanbod yn it noardeasten fan Fryslân ek foar de takomst garandearje te kinnen. De beide lokale omroppen ha in prinsipe in akkoart.

Foto: Timo Jepkema, Omrop Fryslân

De omroppen komme ûnder ien bestjoer, mar de studio's yn Burgum en De Westereen bliuwe wol beide yn gebrûk.

"Lokale omroepen zullen meer en meer een journalistieke functie gaan vervullen", seit foarsitter fan RTV NOF Marco Keizer. "Door de pilot van het Stimuleringsfonds voor de Journalistiek konden we al een hele slag maken, maar door de krachten met RTV Kanaal30 te bundelen kunnen we pas echt zorgen voor continuïteit zodat we een sterke en toekomstgerichte streekomroep voor heel Noordoost Fryslân kunnen neerzetten."

Foarsitter fan RTV Kanaal 30 Lutske van der Wal is bliid dat de omroppen de gearwurking mear oanhelje. "Voor ons is het belangrijk dat onze medewerkers op deze manier door kunnen gaan met wat ze gewend zijn: zich met hart en ziel inzetten voor hun lokale omroep. Ook belangrijk is dat dit kan vanuit onze huidige studio en dat we ons kunnen blijven richten op het nieuws in de gemeenten Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel."

(advertinsje)
(advertinsje)