Freedsmerk oer messeferbod: "Eartiids wie in keardel sûnder mes, gjin keardel!"

21 feb 2020 - 13:27

Op de Ljouwerter freedsmerk wiene de measten foar in ferbod op it dragen fan messen troch jongeren. Guon boargemasters, ûnder wa Jan Rijpstra fan Smellingerlân, wolle dêrop oan, fanwege de stekpartijen fan de lêste tiid. "In appeltsje skile kin thús ek wol. Dan nim je dat mar mei yn in bakje", seit ien.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

In oar ferwachtet dat sa'n ferbod net in soad opsmyt: "Wa't no in mes as wapen draacht, lûkt him fan sa'n ferbod ek neat oan." De tasseman tinkt dat it benammen in kwestje fan mentaliteit is. "Hoe groter de messen, hoe meer status."

Fansels waard ek de tradysje fan de Fryske Wâlden neamd: "Ik ha altyd in 'Herder' hân, mar net om mei te stekken". In oar hat noch goed yn it ûnthâld de fuotbalbesites oan De Westereen: "Als je bij Zwaagwesteinde kwam, werd gezegd dat je je koest moest houden want daar hadden messen."

In ferbod moat wol beheind bliuwe ta jongeren ûnder de 18 jier, fûn immen. "Wy ha hjir gjin totalitêre steat. Folwoeksenen ha harren eigen ferantwurdlikheid."

Ferslachjouwer René Koster wie op de freedsmerk

Trefwurden: 
freedsmerk messeferbod
(advertinsje)
(advertinsje)