Johannes Bloem syn snert is it alderlekkerst

21 feb 2020 - 13:20

Johannes Bloem fan Hijum hat de Snertwedstriid fan Omrop Fryslân wûn en is útroppen ta Snertkening fan Fryslân. Yn in spannende ûntknoping freedtemoarn by it radioprogramma Muzyk yn Bedriuw waard Johannes syn snert útroppen ta de alderlekkerste.

Sawol smaak, struktuer as presintaasje wiene fantastysk neffens de sjuery. Twadde waard Hein Obbe Weewer fan Seisbierrum en tredde Geartsje Haringsma-Heeringa fan Wâldsein. Weewer hie syn snert skitterjend presintearre en Haringsma-Heeringa hie in hiele bysûndere snert troch it guozzefleis dat deryn siet.

Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Yn 2018 twadde

De sjuery bestie út sjefkok Willem Schaafsma, Snertkeninginne fan 2018 Sjoeke Torensma en teäterman en fleisekspert Jitze Grijpstra. Yn 2018 smiet de snert fan Bloem ek al hege eagen: syn snert waard doe twadde.

Sa'n 20 dielnimmers makken mei freonen en famylje it feest mei yn it mediakafee fan Omrop Fryslân. Marcel Smit en Piter Wilkens soargen foar live muzyk en songen freed foar it earst harren sels skreaune Snertliet.

Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema
(advertinsje)
(advertinsje)