Stefan van der Pal nei 200 kilometer training: "Lekker chillen op de bank"

Wat dochst ast 72 oeren en 200 kilometer swommen hast? Dan moat it swimbad dêr'tst al dy tiid yn troch brocht hast, fansels in bytsje kreas achter litten wurde. En dêrom rint triatleet Stefan van der Pal freedtemoarn yn swimbad it Kealledykje yn Ljouwert te sjouwen mei de plestik linen dy't er krekt dêrfoar sels út it wetter helle hat.
Ein training Stefan van der Pal
Wat sneintejûn begûn, kaam freedtemoarn betiid oan de ein: de trainingsmaraton fan triatleet Stefan van der Pal yn tarieding op syn swimâlvestedetocht fan takom simmer. Hy hat it kâld, sa seit er tsjin syn frou Marianne, wannear't er út it wetter stapt.
Van der Pal is tige tefreden oer hoe't syn wike ferrûn is. Eins is hy mar ien grut ferbetterpunt tsjinkaam by it swimmen. "Ik heb wat last van mijn linkeroog. Daar zit een verharding, want mijn zwembril sluit niet goed aan, denk ik. Dus dat wordt de komende tijd zwembrillen testen."

"Laatste kilometers moeite"

Njonken it probleemke mei syn swimbril is de triatleet gjin problemen tsjinkaam. "Ik had de laatste paar kilometer wel moeite om het warm te houden. En het ging toen ook niet meer zo hard, toen dacht ik wel: kom op, nog eventjes."
Van der Pal is de hiele wike yn de gaten holden troch doktoaren. Ek freedtemoarn is der noch bloed prikt by de swimmer. Freedtemiddei stiet yn it sikehûs noch in ôfspraak yn de planning foar in hertfilmke. "De trainingen gingen deze week heel goed, maar ook het eten en de bevoorrading gingen prima. Alleen op het eind had ik dus wat verval, verder ging het boven verwachting eigenlijk."
En wat dogge je dan, nei 72 oeren en 200 kilometer swimme en it swimbad is opromme? "Zo even lekker douchen, een paar uur slapen en daarna lekker chillen op de bank denk ik."
Stefan van der Pal begjint op tongersdei 2 july oan syn swimtocht lâns de alve stêden. Hy begjint yn Ljouwert by skouboarch De Harmonie. Mei syn tocht wol Van der Pal jild ynsammelje foar trije goede doelen foar bern mei kanker: Stichting Semmy, Make-A-Wish en Stichting KiKa. Minsken dy't sponsorje wolle kinne jild oermeitsje fia de webside it giet mâl.