Bou nije soarchwyk 'Boswijk' set yn maaie útein

De bou fan de folslein nije wenwyk Boswijk op Flylân set yn maaie útein. De wyk is bedoeld foar senioaren en ynwenners mei in medyske soarchfraach en sil bestean út 36 wenten, sân soarchstudio's en in saneamd 'wolwêzengebou'. Wethâlder Elsje de Ruiter (GroenWit) en Biense Dijkstra fan Bouwgroep Dijkstra Draisma hawwe freed de hantekening setten ûnder de oerienkomst foar it projekt.
De ûndertekening fan de oerienkomst © Gemeente Vlieland
Der waard al langer praat oer de plannen foar de nije wyk. Yn oktober joech de gemeenteried tastimming foar de bou. No't de hantekeningen setten binne, kin dy úteinsette.
Doel fan de nije buert is dat eilanners har hiele libben op Flylân wenjen bliuwe kinne en foarsjennings yn de buert hawwe foar wannear't se harsels net rêde kinne. De wyk moat in sintraal punt wurde foar de thússoarch op it hiele eilân. Yn it wolwêzengebou krije ûnder oare de toskedokter, fysioterapeut en in kapper in romte. Ek komt der in aula en in buerthûs.

Foar alle Flylanners

De fasiliteiten binne beskikber foar alle Flylanners. It besteande fersoargingshûs De Uiterton wurdt mei dit projekt ferfongen. Kwadrantgroep sil it soarchgebou en in part fan it wolwêzengebou hiere om te foldwaan oan de soarchfraach op it eilân. De rest fan it wolwêzengebou sil de gemeente ferhiere.

Enerzjyneutraal

Yn maaie 2020 start de bou fan fan de soarchfilla. De gebouwen sille enerzjyneutraal wêze en ferwaarme wurde mei ierdwaarmte. Yn desember 2020 moat De Uiterton sloopt wurde. Fan maaie 2021 ôf giet de realisaasje fan de 36 wenten en it wolwêzengebou útein. De oplevering fan it folsleine projekt stiet pland foar july 2022.