Sloop âld skouboarch Trebol yn Harns stillein fanwege asbest

De sloop fan de âlde skouboarch Trebol yn Harns leit stil. By it sloopwurk is dizze wike asbest fûn. Dan is de oannimmer ferplicht om it wurk stil te lizzen en in melding te dwaan by de FUMO, de Fryske Utfieringstsjinst Miljeu en Omjouwing.
De FUMO hat dêrnei nei it asbest sjoen en sein dat it fuort helle wurde kin. Yn it neijier wie der ek al asbest fuort helle. As der dêrnei opnij asbest fûn wurdt, moat der ek in nije melding fan dien wurde, fertelt in wurdfierder fan de FUMO.
Yn âlde gebouwen komt it faker foar dat der asbest fûn wurdt. Meastal komt dat pas oan it ljocht as de sloop al úteinset is. De asbest yn Trebol wie net gefaarlik foar de sûnens.
Moandei helje spesjalisten de asbest fuort. Dan kin de sloop fan it gebou ek direkt fierder gean.

Pannen fan it dak

Dêrnjonken binne der freed pannen fan it dak de dyk op waaid. In kontroleur hat de situaasje besjoen en mei de oannimmer praat. Dy lit in heechwurker komme om alles goed fêst te setten of de dakpannen fuort te heljen. Dat moat freed, omdat der yn de nacht hurde wyn ferwachte wurdt.