Snakkerbuorren klear op komst fan earrebarren

21 feb 2020 - 11:38

Fan spinaazje en rukola, oant druven en ierdbeien, de doarpstún fan Snakkerbuorren hat al in soad te bieden. En dêr komt dit seizoen noch in ekstra traktaasje by. Net ien dy't je ite kinne, mar in echte 'plattelânsbelibbing'. Der moat nammentlik in doarpsearrebarre komme.

Foto: Omrop Fryslân

No is it nêst noch leech, mar dat moat oer in tal wiken oars wêze. It hege gefaarte is makke fan in âlde flaggemêst, en troch frijwilligers yninoar set. It stiet achteroan yn de grutte doarpstún yn Snakkerbuorren, moai op 'e râne tusken de greiden en de folkstún.

It idee foar it earrebarrenêst wie der eins al jierren, mar oant no ta wie it noch net fan de grûn kaam. De realisaasje hie nammentlik noch wol wat fuotten yn de ierde, seit Foppe Boersma, frijwilliger op de tún: "Op de LTS is it nêst-part makke, dat grutte tsjil boppe-op de peal. Dêrnei moast der noch in peal komme."

Dizze peal koe troch in frijwilliger fergees op 'e kop tikke wurde by in bedriuw. Mar dêrnei moast it gefaarte noch omheech. "Dat moast mei touwen dien wurde, dus dat duorre ek wol eefkes"

Foto: Omrop Fryslân

Harkje nei in petear mei Foppe Boersma

As alles klear is, moat it dalik in prachtich lanlik plaatsje wurde: de earrebarren boppe de grientetún deun njonken Ljouwert. Mar de takomstige bewenners fan de tún soargje noch wol foar wat kopsoargen, want fierderop yn de tún leit noch in moaie fiskfiver. In wier 'tafeltje-dekje' foar de grutte fûgels. "Dat moat miskien noch yn it hierkontrakt foar de fûgels", laket Boersma.

Histoaryske kas

De doarpstún is sa stadichoan al goed fyftjin jier âld, en hat in soad oanrin út sawol de doarpen Snakkerbuorren, Lekkum en Miedum, as ek út Ljouwert wei. De skiednis fan de tún giet lykwols folle fierder werom as dy fyftjin jier. Ien fan de saken dy't dêr noch oan tinken docht is de histoaryske kas oan it begjin fan de tún.

Foto: Omrop Fryslân

Ytsje Noordenbos oer de klassike kas

De ôfrûne jierren is mei man en macht besocht om de klassike kas út 1918 werom te bringen yn syn oarspronklike steat. En dat is goed slagge: de rukola en spinaazje komt al boppe, en ek de druven litte takomst sjen. "It giet dat it slydjaget, want wy hawwe it ferline wike pas ynsiedde en no komt it al boppe!" Seit bestjoerslid Ytsje Noordenbos.

Dizze grienten binne oer in pear moanne werom te finen yn de winkel fan de tún. Dêr't no benammen noch ierappels, boerekoal en bierwoartel lizze. "Echte wintergriente", sa seit Noordenbos, dy't ek sels gauris farsk fan de tún yt.

(advertinsje)
(advertinsje)