Treinstasjon Mantgum op ien nei bêste fan Nederlân

21 feb 2020 - 11:27

It treinstasjon fan Mantgum wurdt as ien nei bêste fan Nederlân en as bêste fan Fryslân wurdearre troch reizgers. 94 persint fan de ûnderfregen jout it stasjon in 7 of heger, meldt de NS yn de Stationsbelevingsmonitor 2019. 150.000 reizgers waarden frege nei harren miening oer de stasjons yn Nederlân.

Stasjonsmanager Marco Schokker tinkt wol te witten wêrom't it stasjon fan Mantgum as bêste fan Fryslân beoardiele is. "Het is een open station en goed bereikbaar. Op het perron is een dichte wachtruimte en de LED-verlichting gaat 's avonds automatisch aan, want die reageert op beweging."

De stasjons Koudum-Molkwar en Harns Haven steane op it twadde en tredde plak yn Fryslân.

Camminghabuorren minste stasjon

Ljouwert-Camminghabuorren komt yn it ûndersyk as minste fan de provinsje út de bus. 63 persint fan de reizgers joech dat stasjon in 7 of heger. De NS tinkt dat dat komt troch oerlêst fan hingjongerein.

Yn gearwurking mei ProRail, de gemeente Ljouwert en de plysje wol de ferfierder besykje de klachten werom te bringen. Ofrûne jier is begûn mei opknappen fan it stasjon.

It stasjon fan Mantgum - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort op stasjon Mantgum.

(advertinsje)
(advertinsje)