Rjochtbank: boargemaster Waanders mocht demonstraasje tsjin swarte pyt net ferbiede

21 feb 2020 - 10:46

De demonstraasje tsjin swarte pyt by de lanlike sinteklaasyntocht fan 2017 yn Dokkum hie net ferbean wurde mochten. Dat hat de rjochtbank freed bepaald. Boargemaster Waanders fan Dongeradiel besleat doe om de demonstraasje fan Stichting Nederland Wordt Beter en Kick Out Zwarte Piet net ta te stean, om't se benaud wie foar in fersteuring fan de iepenbiere oarder.

Boargemaster Waanders hat, nei it oardiel fan de rjochtbank, net genôch ûndersyk dien nei oare, minder strange, maatregels as in ferbod. Se hat dus ek net goed genôch ûndersocht oft de demonstraasje op oare wize trochgean kind hie.

Benaud foar hooligans en oare demonstranten

Ut soarch foar de iepenbiere feilichheid bepaalde Waanders dat de demonstraasje op dat plak en dy tiid net trochgean mocht. Se wie benaud dat der hooligans en oare demonstranten komme soene, foar en tsjin swarte pyt. Dêrnjonken feardige Waanders in needbefel út yn ferbân mei de hanthavening fan de iepenbiere oarder.

De Stichting Nederland Wordt Beter hie in berop yntsjinne by de rjochtbank tsjin it demonstraasjeferbod en it needbefel.

'Disproportionele inbreuk op vrijheden'

De demonstraasje fan de stichting wie yn earste ynstânsje tastien, ûnder guon betingsten. De dei fan de lanlike sinteklaasyntocht yn Dokkum, 18 novimber 2017, besleat de boargemaster om de demonstraasje te ferbieden. Dat die se, omdat se ferwachte dat de iepenbiere oarder yn de stêd net mear te hanthavenjen wêze soe. Stichting Nederland Wordt Beter seit dat it demonstraasjeferbod in 'niet-gerechtvaardigde en disproportionele inbreuk is op de vrijheden van meningsuiting en betoging' wie.

Needbefel

Waanders hie it mei har beslút oer in 'needbefel', mar neffens de rjochtbank moat dat sjoen wurde as in needferoardering. Dat is in mear algemien jildend beslút dêr't gjin beswier tsjin makke wurde kin.

Foto: Omrop Fryslân, Alle Faber
(advertinsje)
(advertinsje)