Fandalen smite bankje en fyts yn Ljouwerter grêft
Twa persoanen út Apeldoorn ha yn de nacht fan tongersdei op freed in fyts en in bankje yn de grêft oan de Nijstêd yn Ljouwert smiten. Dat meldt de plysje.
De twa fertochten binne 19 en 20 jier en ha proses ferbaal opmakke krigen foar baldadigens. Sy waarden fia kameratafersjoch betrape.