RIVM oer stikstofsifers Mesdagfûns: "Dezelfde uitgangspunten, maar in een ander kader"

21 feb 2020 - 10:09

De alternative stikstofsifers dy't it Mesdag Zuivelfonds tongersdei presintearre litte net it goede byld sjen fan de stikstof yn Natura 2000-gebieten. Dat seit it RIVM. De sifers fan it Mesdagfûns toane oan dat de boeren ferantwurdlik binne foar 25 persint fan de stikstofútstjit, yn stee fan de 46 persint dêr't it RIVM earder mei kaam. Neffens it RIVM hat it Mesdagfûns lykwols ien grutte flater makke: se ha alle natuergebieten meiteld, ek de wetternatuergebieten.

Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Kees van Luijk fan it RIVM

"Het Mesdag Zuivelfonds heeft wel dezelfde uitgangspunten gebruikt, maar ze presenteren het alleen in een ander kader", seit Kees van Luijk fan it RIVM. It grutte ferskil komt neffens him trochdat it Mesdagfûns alle natuergebieten meinaam hat. Wêr't it lykwols om giet, binne de stikstofgefoelige natuergebieten.

"Het gaat ons niet om de stikstof, maar om de natuur en biodiversiteit. Daarvoor is het belangrijk dat er niet te veel stikstof in de natuurbodem komt, want dat bepaalt welke planten er groeien." Op it wetter spilet dat net. Ast de hiele Waadsee meinimst, krijst in hiel oar byld, mar dêr is de stikstofdeposysje net in probleem, leit Van Luijk út. "Het is belangrijk dat we wel over dezelfde dingen blijven praten."

Goede ferstânhâlding

Van Luijk tinkt dat de twa ynstânsjes der noch wol tegearre útkomme sille. "We hebben een goede verstandhouding met het Mesdagfonds, we hebben steeds alle data gegeven, we hebben onze rekenmodellen beschikbaar gesteld en we hebben heel veel ondersteuning geleverd in de afgelopen weken om die op de goede manier toe te passen. De samenwerking heb ik geen twijfels over."

Trienke Elshof fan LTO Noard

Trienke Elshof fan LTO Noard wie tongersdei ek by de presintaasje fan de sifers yn Den Haag. "Der binne no yn elts gefal wol mear fragen rjochting de polityk oer hoe't it no krekt sit. Dit moat gewoan útsocht wurde. It ferskil is te grut om samar te akseptearjen", seit Elshof.

"As de stikstofútstjit fan de agraryske sektor neffens it rapport mei de helte omleech giet, moatst sjen oft de ôfpraten beliedsmaatregels wol effektyf binne foar de natuer. Want dêr dogge we it foar. It Mesdagfûns, it RIVM en it ministearje moatte tegearre no hiel goed sjen wat der krekt berekkene is, wat dêrút komt en wat effektive beliedsmaatregels binne."

(advertinsje)
(advertinsje)