Epke Zonderland pleatst him as earste foar finale wrâldbeker yn Melbourne

21 feb 2020 - 09:36

Turner Epke Zonderland hat him pleatst foar de finale fan de wrâldbeker yn Melbourne. De Fries sette in skoare del fan 14,266 en dêrmei wie er de bêste yn de kwalifikaasje. Snein is de finale.

Foto: www.orange-pictures.nl

De wrâldbeker is belangryk foar Zonderland. Hy moat him mei de kommende trije wrâldbekerwedstriden sjen te pleatsen foar de Olympyske Spelen. Syn grutte konkurrint Hidetaka Miyachi is ek troch nei de finale. De Japanner hie in skoare fan 14.133, dêrmei pleatste him er as fjirde.

De ferwachting is dat de skoares snein in stil heger wêze sille. Zonderland en Miyachi namen yn de kwalifikaasje noch net alle risiko en moasten harren foaral pleatse foar de finale.

Zonderland waard yn 2012 yn Londen olympysk kampioen op de rekstôk. Dêrnjonken pakte er trije wrâldtitels op it ûnderdiel.

Freed hie de Ljouwerter Rick Jacobs him ek al pleatst foar de finale op ringen. Mei in skoare fan 12,766 gong er as achtste troch. De finale op dat ûnderdiel is sneon. Op it ûnderdiel brêge foel Jacobs, dus dêrop giet er net nei de finale.

Hoe kin Zonderland him pleatse foar de Olympyske Spelen?

Epke Zonderland is op jacht nei in ticket foar de Olympyske Spelen yn Tokio. Dan moat er foarelkoar sjen te krijen op de wrâldbekerwedstriden. Dêr is noch ien ticket te fertsjinjen.

Zonderland syn grutste konkurrint is de Japanner Hidetaka Miyachi. Dy hat al trije wrâldbekerwedstriden wûn, Zonderland twa. De Fries moat dus op syn minst noch ien wrâldbekerwedstriid winne.

Trochsneed skoare

Slagget dat, dan steane Zonderland en Miyachi gelyk. Dan wurdt der sjoen nei de trochsneed skoare fan de trije oerwinningen. Wint Zonderland of Miyachi faker as trije wrâldbekerwedstriden, dan telle de trije bêste skoares mei.

Slagge it Zonderland net om de wedstriid yn Melbourne te winnen, dan komme der noch twa kânsen: yn Bakoe (12-15 maart) en Doha (18-21 maart).

Skoares wrâldbekeroerwinningen

Hidetaka Miyachi Epke Zonderland
14,733 14,866
14,300 14,633
14,933
Trochsneed: 14,6553 Trochsneed: 14,7495
(advertinsje)
(advertinsje)