Kollum: "Seikferhaal"

"Doe't ik 20 jier lyn heechswier wie fan ús tredde wie it ek heechsimmer en ik koe én woe net in kant mear út. Ik wie wer oer tiid en om mysels in plezier te dwaan, waard ik lid fan de lêsmap.
Hilda Talsma © Omrop Fryslân
De Toan fan Hilda Talsma
Dêr siet in ferskaat oan lektuer yn, lykas de Aktueel. Dat wie mear in blêd foar manlju en it wie ek wat eroatysk bedoeld, hjir en dêr. Der stiene gauris healneakene froulju yn en ferhaaltsjes oer wat minsken belibben op it gebiet fan seks. Ien dêrfan kin ik my noch goed heuge en dat komt benammen troch myn eigen ûnnoazele reaksje.
It gong oer in 'golden shower' en ik hie werklik gjin idee wat it wie. Mar doe't ik fierder lies, die bliken dat it om plasseks gong. 'Harrejasses!' tocht ik mar ik lies al fierder, benijd nei wat der barre soe. Dat wie op himsels net iens in soad want it hichtepunt wie de blaas leegje oer in oar, neffens my yn 'e gong. Dus ik hope al dat dy lju swilk op 'e flier hiene of sa, want oars waard it ek in soadsje!
Ik jou direkt ta dat it in hearlik gefoel wêze kin om de blaas te leegjen ast nedich pisje moast, mar ik doch soks it leafste op it húske. Ik ha al in kear neist in wyldfrjemd frommes sitten te pisjen doe't wy op fakânsje wiene yn Suriname. We hiene in ekskurzje hân en wiene wer ûnderweis nei Paramaribo. Doe't de sjauffeur efkes stoppe sadat we wat te drinken helje koene by in winkeltsje, soene wy dêr efkes nei de wc mar dy wie sa goar dat wy fan illinde mar yn 'e boskjes sitten gien binne. Wol mei it gefaar op anakonda's en fûgelspinnen mar alles better as sa'n smoarge pot!
Yn de lêsmap siet ek in Viva. Daphne Deckers hie dêr doe in kollum yn en se skreau faak oer it feit dat se mem wurden wie. Ik ergere my dêr gauris oan want ik fûn dat se krekt die as hie se it allegear sels útfûn, wylst myn tredde ûnderweis wie. Dochs tink ik wol dat se doe in trend setten hat want hjoed-de-dei brekst dy de bonken oer in ferskaat oan froulju en manlju yn 'e media dy't miene dat se alles better witte.
Oft it no giet om fieding, bern, sport of seks; der is altyd wol immen dy't it tsjil op 'e nij útfûn hat. Mar ik ha mei de wrâld online itselde probleem as dat ik op in bepaald momint mei de lêsmap hie. Nei hûndert kear itselde sjoen of heard te hawwen, bin ik der wol klear mei en dêr komt by dat ik sels ek wol neitinke kin.
Troch it ynternet is elkenien ek sichtber. De meast ûnnoazele hampelman kin in vlog opnimme en dêryn syn wierheid of produkt oankundigje. Kwaliteit of net makket neat mear út en der is ek gjin redaksje dy't seit dat bepaalde dingen echt net kinne. No twivelje ik ek sterk oan de redaksjes fan guon blêden yn de lêsmap, hear en de reden dat ik it hjir oer ha, komt troch myn besite oan de kapper.
Dêr leit altyd noch in âlderwetske lêsmap en neidat ik it measte trochblêdere hie, kaam ik ta de konklúzje dat ik yn al dy jierren neat mist ha want it binne allegear noch deselde seikferhalen. Mar myn gouden aventoer yn Suriname hat noch net yn 'e blêden stien, dus jimme hawwe hjoed de primeur! It is werris wat oars as André en Bridget en ik hoopje dat jim it krekt sa spannend fûnen as ik doe."