Bestjoerder ferliest macht oer stjoer en bedarret yn 'e sleat yn Aldegea

21 feb 2020 - 08:20

De helptsjinsten binne freedtemoarn alarmearre foar in auto yn it wetter yn Aldegea, Smellingerlân. Troch ûnbekende oarsaak ferlear de bestjoerder de macht oer it stjoer en bedarre mei de auto op 'e sydkant yn de sleat.

Foto: SrFotografie

De bestjoerder rekke ferwûne en is oerbrocht nei it sikehûs. De plysje docht noch ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok.

(advertinsje)
(advertinsje)