Stichting Organum Frisicum wol him mear ynsette foar behâld Fryske oargels

21 feb 2020 - 07:45

De Fryske oargelstichting 'Organum Frisicum' fynt dat it roer om moat. De stichting bestiet al mear as 25 jier en set him yn foar it brûken fan tsjerke-oargels yn Fryslân. No't hieltyd mear tsjerken leech komme te stean, ûntsteane der ek problemen mei de oargels. Se hawwe gjin funksje mear en somtiden wurde se sels ferpleatst of ôfbrutsen.

It Van Dam-oargel yn Ingwierrum - Foto: Organum Frisicum

Tsjerke-oargels soene mear opnaam wurde moatte yn it belied rûnom kultureel erfgoed, sa fynt de stichting. "Yn dy diskusje wurdt it oargel faak fergetten", seit foarsitter Bearn Bilker. "Mar it is in hiel wichtich ûnderdiel fan it Fryske kultureel erfgoed. We hawwe sa'n 700 tsjerken en hast alle tsjerken hawwe in oargel."

Gearwurking

De stichting kin neffens Bilker sels ek mear dwaan. De doelstelling wie oant no ta benammen it organisearjen fan oargelkonserten. Dat moat breder wurde, seit Bilker: "Alle oargels kinne net elke dei bespile wurde, mar we wolle der wol omtinken foar freegje." Yn it nije beliedsplan fan Organum Frisicum stiet dat der mear gearwurke wurde sil mei oare partijen, lykas Stichting Alde Fryske Tsjerken en Stichting Tsjerkepaad.

Ek sil de stichting diel útmeitsje fan it Monumentenplatform Fryslân as ien fan de partijen dy't opkomt foar it kulturiel erfgoed yn de provinsje. Dêrneist sil de stichting geregeld lytse bydragen jaan foar de restauraasje fan oargels. Oar wichtich doel is om derfoar te soargjen dat it ynstrumint op de Fryske politike aginda komt te stean.

Oargels moatte wer jubelje

De oargels swije no, mar se moatte wer jubelje, fynt Organum Frisicum. "Mar wy witte wol dat der net yn elk doarp oandacht wêze kin foar konserten. Dus der moat ek fernijing en ferjonging komme. Der moatte edukative programma's komme, want jongeren kenne it oargel eins net."

Bearn Bilker fan de stichting Organum Frisicum

(advertinsje)
(advertinsje)