Alvestêdetocht 1985: "De earste hûndert kilometer wie der neat oan de hân"

21 feb 2020 - 06:01

Se hiene der sa lang op wachtsje moatten, dat de measten it noch noait meimakke hienen, mar eksakt 35 jier lyn koene de bêste reedriders fan it lân har krêften mjitte yn de Alvestêdetocht fan 1985. En dêr hiene se eins net op rekkene.

Doe't de Alvestêdeferiening bekend makke dat de tocht ferriden wurde koe, wiene hiel wat riders mei de bus ûnderweis nei Poalen, dêr't de alternative alvestêdetocht ferriden wurde soe. Se hiene noch frege oft it koe, oan in bekende waarman, en dy sei dat de Alvestêdetocht der hjir net mear yn siet.

Ien fan de riders dy't yn Poalen wie, doe't de tocht útroppen waard, is Rein Jonker. Yn it radioprogramma Snein yn Fryslân sjocht hy 35 jier letter werom op de tocht fan doe.

Hjirûnder is in kompilaasje te hearren fan dy útstjoering. Dêryn praat Johan Terpstra ek mei Eelke Lok, dy't yn 1985 foar de radio ferslach die fan de Alvestêdetocht.

Alvestêdetocht 1985: "De earste 100 kilometer wie der neat oan de hân"

De Alvestêdetocht fan 1985 by Bartlehiem - Foto: ANP

It wie in swiere tocht, omdat er der net goed op taret wie, seit Jonker. It iten soe mei in helikopter brocht wurde, mar doe't er ienkear ûnderweis wie, die bliken dat der in fleanferbod ôfkundige wie boppe it iis.

"De earste 100 kilometer wie der neat oan de hân", seit er. "Op in gegeven momint krije je honger, mar iten krije je net. Dat wie der ek net."

Jonker kaam úteinliks as fyftjinde oer de streek, Evert van Benthem wûn. It jier derop koe er revâns nimme, want doe wie der opnij in Alvestêdetocht. Oant tritich kilometer foar de finish ried Jonker doe noch op mei Van Benthem.

By Dokkum kaam Jonker te fallen. Letter koe er Van Benthem wer byhelje, mar hy kaam der net foarby. Van Benthem wûn yn 1986 opnij. Jonker waard twadde.

Rein Jonker (30) mei Evert van Benthem (13) yn de tocht fan 1986 - Foto: ANP
(advertinsje)
(advertinsje)