Brân leit wenhûs yn Stiens folslein yn 'e jiske

21 feb 2020 - 07:01

De brânwacht is freedtemoarn betiid mei meardere korpsen útriden nei in brân yn Stiens. Dêr stie oan de Moundyk in bedriuwspân mei wenhûs yn 'e brân. Neffens de brânwacht wie it wenhûs net mear te rêden en waard ynset op it foarkommen dat it fjoer oerslaan soe nei omlizzende gebouwen. Yntusken is it fjoer útmakke en is de brânwacht oan it neiblussen.

De brânwacht warskôge op Twitter dat der by de brân reek frijkaam, dy't yn de rjochting fan it sintrum fan it doarp luts. It advys oan minsken yn 'e buert wie om nei binnen te gean en ruten en doarren ticht te hâlden.

Oer de oarsaak fan de brân is noch neat bekend, ek net of der slachtoffers binne. Foar it bestriden fan de brân wiene ûnder oare korpsen út Stiens, Ljouwert, Hallum, Sint-Anne en Burgum ynset. Dat lêste korps om te soargjen dat der genôch bluswetter wie.

De bewenners litte fia in wurdfierder witte dat der op it momint fan de brân gjinien thús wie en dat der gjinien ferwûne rekke is. De plysje sil no in ûndersyk ynstelle om de oarsaak fan de brân te achterheljen.

Ferslachjouwer Wytse Vellinge praat mei Erik Krikke fan de brânwacht

Trefwurden: 
brân Stiens Moundyk
(advertinsje)
(advertinsje)