Pioniers Kening fan 'e Greide nimme ôfskied mei 'skriezemiel'

20 feb 2020 - 22:37

It boargerinisjatyf Kening fan 'e Greide hat tongersdeitejûn in nij bestjoer krigen. Kening fan 'e Greide is in beweging fan boargers, boeren, keunstners, natuerbeskermers en wittenskippers dy't him ynset foar in ryk lânskip mei ferskaat yn sawol natuer as kultuer.

De leden fan it bestjoer dat ôfgien is, hawwe in spesjaal lintsje krigen foar de ynset. Dêr hearden ûnder oaren inisjatyfnimmer Klaas Sietse Spoelstra en biolooch Theunis Piersma by.

Foar it ôfskied fan de âlde bestjoersleden en it wolkom fan de nije leden waard in 'skriezemiel' organisearre. Op it menu stie iten út de lannen dy't de skries oandocht op syn reis fan West-Afrika nei Fryslân.

(advertinsje)
(advertinsje)