Aris docht goede saken mei winst yn heale bekerfinale tsjin Den Helder Suns

De basketballers fan Aris Ljouwert ha tongersdeitejûn goede saken dien yn de útwedstriid tsjin de Den Helder Suns yn de earste heale finale om de Basketball Cup. De Ljouwerters wûnen mei 58-56 yn Den Helder.
© Aris Ljouwert
Aris hie in goede start, want nei 5 minuten stiene se al mei 11-2 foar. Den Helder kaam lykwols werom, want it ferskil tusken beide ploegen wie nei it earste kwart noch mar twa punten: 15-13, yn it foardiel fan Aris. Dy foarsprong boude Aris dêrnei wer wat út, sadat se mei 27-21 oan it skoft begûnen.
Ek nei it skoft joech Aris gjin belies mear en pakte sadwaande fia in stân fan 44-35 nei it tredde kwart de winst yn dit duel.

Return

De Ljouwerters spylje sneon yn eigen hûs de return tsjin Den Helder. As Aris dy thúswedstriid ek wint, skriuwe se skiednis mei in plakje yn de finale fan de Basketball Cup. Dy bekerfinale is op snein 29 maart yn Grins tsjin Donar.