Drachtster krijt wurkstraf foar bedriging eks-freondinne

In Drachtster fan 32 jier dy't yn oktober 2018 mei de auto syn eks-freondinne op de dyk tsjinhold, moat in wurkstraf fan 80 oeren dwaan.
De rjochtseal yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De relaasje tusken beiden wie al oer, mar de Drachtster socht noch hieltyd kontakt mei syn eks. Op in dei kaam se him tsjin by Aldeberkeap. De man ried achter har auto oan en besocht op in gefaarlike manier fan alles om har tsjin te hâlden. Nei't er har klemriden hie, sprong er boppe-op de motorkape.
De man sei dat er syn eks net bedrige hie, mar ferklearre dat er har skrikke litte woe en noch fan har hold. "Hij uit zijn liefde op een manier die ik niet gewoon vind", sei de rjochter.