Harry van der Molen: "Tiid om ôfskied fan ferhierdersheffing te nimmen"

De Twadde Keamerfraksje fan it CDA wol ôf fan de saneamde ferhierdersheffing. Dat sei de partij yn in debat oer it tekoart oan wenten yn Nederlân. Neffens it Fryske Keamerlid Harry van der Molen is it heech tiid om ôfskied te nimmen fan de ferhierdersheffing.
De Hjouwerkamp op De Harkema © Google Street View
De ferhierdersheffing is in belesting dy't wenningboukorporaasjes sûnt 2013 oan it Ryk ôfdrage moatte en is ûnder oare ynsteld om't korporaasjes it jild net oan de goede saken bestege. Op jierbasis streamt troch de heffing 40 miljoen euro út Fryslân wei dy't neffens guon partijen better bestege wurde kin oan ferbettering fan wenningen en oan nijbou yn de regio.
It kostet de wenningboukorporaasjes in soad jild, seit CDA-Twadde Keamerlid Harry van der Molen. "Yn it ferline gie it net altyd goed, mar dat is echt it ferline. De wet is oanpast, dus in wenningboukorporaasje kin ek net samar mear wat dwaan."

Ofskied

Der is yntusken in grut tekoart oan wenningen yn Nederlân en der kin net foldwaande ynvestearre wurde troch de korporaasjes. Van der Molen: "We moatte dochs echt bouwe foar minsken mei in wat lytsere beurs, dus wurdt it tiid om ôfskied fan dy heffing te nimmen."
It kabinet wol de wenningboukorporaasjes stimulearje om mear te bouwen. Op Prinsjesdag waard dêrom in koarting oankundige op de ferhierdersheffing. Dêrtroch komt der de kommende tsien jier in miljard euro frij.
Harry van der Molen, Twadde Keamerlid fan it CDA