Katte-opfang Bastet yn de problemen troch te folle donearre kattefoer

20 feb 2020 - 18:05

Katte-opfang Bastet yn Muntsjesyl sit mei in lúkseprobleem. De ôfrûne moannen is der safolle kattefoer donearre, dat eigener Wendie Hol der gjin romte mear foar hat. In stienmurd koe der by komme. Dy hat in diel fan it foer opfretten en mei help fan mûzen en rotten in ravaazje oanrjochte.

Hol hat in lytse seekontener hierd foar fjirtich euro yn de moanne, mar dat is in soad jild foar de opfang en in grut diel fan it foer past der net iens mear by. Bastet wol no in eigen seekontener keapje, mar hat dêr jild foar nedich.

Gewoanwei is de opfang wiis mei alle donaasjes yn de foarm fan kattefoer. "Dat is een van de grootste kostenposten, dus al het kattenvoer is welkom", leit Hol út. Mar troch puer tafal is der no in hiel soad tagelyk kommen. "Normaal zijn we blij als we de kasten van top tot teen vol hebben, maar laatst kregen we een donatie van maar liefst dertien pallets vol!"

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

En sels tongersdei, wylst de rommel fan de stienmurd noch opromme wurde moat, krige Hol wer in telefoantsje oer in donaasje fan twa pallets foer. "Het is echt een luxeprobleem. We zijn heel blij met alle donaties en zullen het ook nooit afslaan. Maar we hebben er nauwelijks nog ruimte voor."

De skuorre dêr't it foer earst yn lei, wurdt no stadichoan leechhelle en skjinmakke. It geboutsje wie al oan in opknapbeurt ta, mar mei alle gatten dy't de stienmurd, rotten en mûzen makke ha, moat it no hielendal oanpakt wurde.

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

De seekontener dy't hierd is, stiet oan de kop ta fol en in steancaravan neist de kontener stiet no sels ta boppe de ruten fol mei pakken kattebrokken. De steancaravan moat ynkoarten fuort, dus in permaninte oplossing is hurd nedich.

Der wurdt no socht nei in grutte seekontener om oer te keapjen, mar mei de ferfierskosten binne je al gau sa'n tûzen euro kwyt. Jild dat Bastet net hat, dus docht Hol in oprop: "Als iemand ons kan helpen aan geld of ergens een zeecontainer heeft waar niks mee gebeurt, dan horen we dat graag!"

(advertinsje)
(advertinsje)