Taart, sjoele en damje: Jouster âlderein ha no in húskeamer bûten de doar

20 feb 2020 - 17:13

Hoe soargest derfoar dat de drompel om nei in deibesteging te gean leger wurdt? Dy fraach wurdt hieltyd driuwender, benammen no't mear âldere minsken langer op harsels wenjen bliuwe. By Hof en Hiem op De Jouwer witte se it wol: in húskeamer bûten de doar, yn it wyksintrum.

It is hast tsien oere, op tongersdeitemoarn op 'e Jouwer. By wyksintrum De Werf steane de earste auto's al parkearre. Se binne fan minsken dy't nei it gebou ta komme foar bygelyks de apoteek, de fysioterapeut of de diëtistepraktyk. Mar dizze wike is der ek in nije groep dy't it wyksintrum besiket: selsstannige âlderen dy't krekt op dizze lokaasje nei de deibesteging gean.

Legere drompel

Nettsjinsteande de 'gewoane' húskeamer fielt it allegearre noch wol wat ûnwennich foar de earste dielnimmers fan de deibesteging. Mar al gau sjogge de manlju en froulju bekende gesichten. Under it genot fan in stik taart gean de ferhalen dan ek al ridlik fluch oer tafel.

Soarchgroep Hof en Hiem is úteinset mei dizze 'gewoane' lokaasje foar deibesteging om de drompel foar selsstannige âlderen leger te meitsjen. "Wy tinke dat de ynrin hjir wat makliker wêze sil as by in fersoargingshûs", seit ek Ria Witteveen fan de soarchgroep.

Foto: Omrop Fryslân

De âlderen kinne by de deibesteging inkele oeren har sinnen fersette. Sa is der romte om spultsjes te dwaan, lykas sjoelen of damjen. Mar der is ek in mooglikheid om mei syn allen te iten.

Brede doelgroep

Deibesteging is gewoanwei foar minsken mei in 'yndikaasje', oftewol minsken wêrby't offisjeel oanjûn is dat der in foarm fan soarch nedich is. Hof en Hiem wol de doelgroep lykwols breder meitsje. "By dizze foarm wolle wy ek dielnimmers binnenkrije sûnder yndikaasje, sadat ek sy dizze service brûke kinne", seit Witteveen.

De minsken kinne dan ien of meardere dagen deibesteging boeke, en moatte dy dan sels betelje. De deibesteging fan Hof en Hiem yn it wyksintrum is ien dei yn de wike, op tongersdeis, en is foar de âlderen in moai momint om eefkes út hûs te wêzen of by te praten. By de earste gearkomste giet dat al goed, sa is de sjoelkompetysje fuort al iepene mei in topskoare fan 32 punten.

Foto: Omrop Fryslân
(advertinsje)
(advertinsje)