Troch reinwaar kin reidproef Lauwersmargebiet noch net úteinsette

20 feb 2020 - 17:02

It Lauwersmargebiet wachtet al sûnt ferline wike op drûch waar. Ofrûne freed hat de rjochter tastimming jûn om it wetterpeil by de Lauwersmar seis wiken te ferheegjen. Troch it reinwaar kin dat nei alle gedachten net earder as op 28 febrewaris. Fanwege de wetterfeiligens kin it peil noch net op it winske nivo broch wurde.

Lauwersmar - Foto: Shutterstock.com

Oant dy tiid is wetterskip Noorderzijlvest te drok mei it reguliere wetterbehear. Foar de proef by de Lauwersmar is noch tiid oant 1 april.

It ferheegjen fan it wetterpeil wurdt dien foar in proef om it reid better groeie te litten, dat no nei de eftergrûn twongen wurdt troch oare planten. Boeren, omwenners en ûndernimmers besochten de reidproef tsjin te hâlden omdat de grûn der sâlter fan wurde soe. Mar de rjochter hat besletten dat it wetterskip it wol ferheegje mei.

(advertinsje)
(advertinsje)