Ynformaasje oer ynhâld konteners MSC Zoe bliuwt beheind

20 feb 2020 - 17:00

Hjir moatte jo it mei dwaan; mear ynformaasje oer de ynhâld fan de konteners fan de MSC Zoe is der net. Dêr komt de útspraak fan minister Cora van Nieuwenhuizen fan Ynfrastruktuer en Wettersteat op del yn in skeel mei Omrop Fryslân en RTV Noord.

It kontenerskip ferlear begjin ferline jier 342 konteners yn de Noardsee en it Waadgebiet. It guod út dy konteners spielde massaal oan op de Waadeilannen en de kust fan Fryslân en Grinslân. Dat late ta gaoatyske tastannen en miljeuskea. Noch hieltyd is in oantal konteners syk.

Troch in berop op de Wet iepenheid fan bestjoer (Wob) te dwaan, fregen de omroppen in jier lyn de ynhâld fan alle konteners op by Rykswettersteat. De ladinglist fan de MSC Zoe dêr't om frege waard, waard binnen twa moannen jûn.

Beswier

Yn dizze list gie it om in hiel globale opsomming, wêrby't de details oer de ynhâld ûntbrutsen. Foar de omroppen wie dit oanlieding om beswier oan te tekenjen tsjin it Wob-beslút, dat út namme fan de minister nommen is.

Foto: Onderzoeksraad voor Veiligheid

Wat folge wie in harksitting en letter in gearkomste mei meiwurkers fan Rykswettersteat, dy't ferantwurdlik binne foar de ôfwikkeling fan de ramp. Dêrnei waard úteinlik in ladinglist mei wat mear details jûn.

Utspraak frege

Dochs kin dy oanfolle list de ûndúdlikheid oer de ynhâld fan konteners op skippen fan dizze omfang net weinimme, fine de omroppen. Mei as gefolch dat de minister om in útspraak frege is oer it beswier tsjin it eardere Wob-beslút.

De minister lit dêryn witte dat de beswieren fan de omroppen foar in diel grûndearre binne. Dêrby giet it om it jaan fan mear gegevens pas neidat der beswier oantekene wie. "Ik had uw verzoek ruimer kunnen interpreteren", sa seit de minister.

Meldplicht

Se seit mei klam dat Rykswettersteat en har ministearje no gjin oanfoljende ynformaasje mear ha oer de ynhâld fan de konteners op de MSC Zoe. Dêrby wurdt wiisd op de beheinde meldplicht foar seefeartskippen dy't territoriale wetters passearje, sa as by de MSC Zoe it gefal wie.

Dy meldplicht hat allinnich betrekking op gefaarlike stoffen. Wat de minister oanbelanget, sil dat feroarje. "Ik wil in overleg met de sector over de vraag of de informatiepositie van overheden ten aanzien van niet-gevaarlijke lading kan worden verbeterd."

Ien fan de grutste kontenerskippen yn de wrâld, de MSC Zoe út Panama, ferlear yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019 op syn minst 345 konteners. Dat barde krekt boppe de Fryske Waadeilannen. Al ús berjochten oer de kontenerramp binne te finen op de dossierside.

(advertinsje)
(advertinsje)