Buertbus 103 siket nije sjauffeurs, planning hat noed oer de simmer

20 feb 2020 - 16:58

De takomst fan buertbus 103 yn Súdwest-Fryslân stiet faai. De ôfrûne tiid binne seis minsken dermei opholden. Takom jier binne twa oare sjauffeurs 'te âld' om op de bus te riden. Stichting Buurtbus Hemelum-Stavoren makket har soargen.

De stichting hat op it stuit tusken de 40 en 50 sjauffeurs. De ien rydt wykliks trije oerkes op 'e bus, in oar falt allinne ris in kear yn. Sa kinne frijwilligers der ek foar kieze om bygelyks twa kear twa oeren yn 'e wike te riden.

Pytsje Hospes docht de planning fan de tsjinstregeling. As in frijwilliger in kear siik is of net kin, dan regelet Hospes ferfanging. Hospes sit noch net mei de hannen yn it hier, mar noed oer de simmerplanning hat se wol. "It binne hast allegear pensjonearden dy't op 'e bus ride", seit se. "In protte dêrfan ha in camper en wolle simmers graach wikenlang mei de camper fuort. Dêr moat even ferfanging foar komme. En dy moat ik dan wol ha."

Binnen twa wiken de dyk op

Frijwilligers dy't op 'e bus ride wolle, moatte oan in pear dingen foldwaan. Je moatte rydbewiis B ha, medysk geskikt wêze en ree wêze om sowieso in pear kear yn it jier trije oeren op buertbus 103 te riden.

Dêrnjonken moatte je jonger wêze as 75 jier. Minsken dy't har oanmelde op de webside fan de buertbus krije earst in kursus. As dêrnei de medyske test dien is, soene je twa wiken letter al mei de bus de dyk op kinne.

Foto: Omrop Fryslân, Lennie Bronsveld

Ien fan de frijwilligers dy't al jierren op de buertbus rydt is Manus. Twa kear yn 'e wike rydt er twa oerkes en sa no en dan falt er yn as ien siik is. Manus hat eartiids frachtweinsjauffeur west. De buertbus is dêrom in moai putsje no't er mei pensjoen is. "Het verveelt nooit. Met vaste klanten bouw je een relatie op en in de zomer heb je toeristen. En de omgeving is gewoon hartstikke mooi."

Foto: Omrop Fryslân, Lennie Bronsveld

Stel dat de bus wegvalt, dan zijn mensen aan huis gebonden. Ik denk dat dat een slechte ontwikkeling is.

Frijwilliger Manus

En de rol fan de bus is wichtich, leit er út: "Er zijn veel mensen afhankelijk van de bus. De jeugd en de jongeren die naar school moeten. De ouderen die naar de winkel moeten. Dus stel dat de bus wegvalt, dan zijn mensen aan huis gebonden. Ik denk dat dat een slechte ontwikkeling is."

(advertinsje)
(advertinsje)