WoonFriesland leit foar op skema mei duorsumens

20 feb 2020 - 16:34

Wenningkorporaasje WoonFriesland leit foar op it lanlike skema om huzen duorsumer te meitsjen. Wenningkorporaasjes ha ôfpraat dat al har sosjale hierhuzen takom jier gemiddeld it enerzjylabel B hawwe. WoonFriesland seit dat sy dat ferline jier al foar elkoar hiene.

WoonFriesland - Foto: WoonFriesland

It bedriuw hat ferline jier sinnepanielen lein op 2218 hûzen. De wenningkorporaasje hat yntusken yn totaal 6.000 hûzen foarsjoen fan sinnepanielen.

Dêr bliuwt it net by. WoonFriesland wurket mei ferskate organisaasjes om fan alles te betinken om huzen noch duorsumer te meitsjen, sûnder dat de hier te bot omheech giet.

(advertinsje)
(advertinsje)