HEA! Fjirtich jier bôle besoargje

Marten Hoekstra fan Warkum besoarget alle dagen wer by sa'n 200 klanten bôle oan hûs yn Ferwâlde en omkriten. Generaasjes binne mei him opgroeid, want hy docht dit wurk ûndertusken al fjirtich jier. Mei pine yn it hert moat Hoekstra der no mei ophâlde. Syn winkelwein jout it op en it is net mear de muoite wurdich om dy op te knappen. Marten stapt yn in nij aventoer.
Frjitich jier bôlebesoargje