Tsien prosint mear Fryske jongeren nei Buro Halt

20 feb 2020 - 14:52

Yn 2019 moast tsien prosint mear Fryske jongerein nei Buro Halt as in jier earder. Lanlik gie it tal ferwizings omheech mei alve prosint, docht bliken út de jiersifers fan it buro.

Foto: Halt.nl

Halt leit maatregels op oan jongeren tusken de 12 en 18 jier dy't harren skuldich makke ha oan in strafber licht fergryp. Dat is in saneamde Halt-yntervinsje. Dêrby wurde jongeren konfrontearre mei wat se dien ha en de gefolgen derfan.

Dêr't yn 2018 jongeren noch 426 kear nei Halt stjoerd waarden, wie dat ferline jier 469 kear. Yn de gemeenten Opsterlân en Hearrenfean gie it tal ferwizings it hurdst omheech. Jongerein út Smellingerlân en Súdwest-Fryslân waarden ferline jier it faakst nei Halt stjoerd.

Neffens Eveline Huisman, wurdfierder fan Halt, komt it omheech gean fan de ferwizings ûnder oare trochdat it Iepenbier Ministearje faker nei Halt ferwiist foar delikten wêrfoar't se earder noch wurkstraffen easken. Lanlik is de stiging diels te ferklearjen troch it faker ynsetten fan BOA's (bûtengewoan opspoaringsamtners). Neffens Huisman is dat yn Fryslân net oan de oarder.

Eveline Huisman, wurdfierder fan Buro Halt

(advertinsje)
(advertinsje)