Man krijt trije moannen sel foar seks mei minderjierrige

20 feb 2020 - 14:22

De rjochtbank yn Ljouwert hat in man feroardiele foar it hawwen fan seks tsjin betelling mei in minderjierrige. De rjochter hat him finzenisstraf oplein fan trije moannen, wêrfan twa moannen ûnder betingst.

Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Hy kaam mei it 17-jierrige famke yn kontakt fia in datingsite, wêr't sy har selskip oanbea tsjin betelling. De fertochte hat dêrop meardere kearen mei har ôfpraat en trije kear seks mei har hân, wylst hy wist dat se 17 jier âld wie.

Strafber

Neffens de wet is it strafber om tsjin betelling seks te hawwen mei in minderjierrige. It doel dêrfan is om de minderjierrige te beskermjen tsjin it sels ferrjochtsjen fan prostitúsjewurksumens en om de seksuele eksploitaasje fan minderjierrigen te bestriden. Ek as it seksueel kontakt frijwillich ta stân komt, soe it grutte neidielige psychyske gefolgen hawwe kinne foar de minderjierrige.

(advertinsje)
(advertinsje)