Tryater sil mear de fokus lizze op jeugd

Tryater wol him mear fokusje op bern en jongeren. Dêrfoar stelt it teäterselskip fan de simmer ôf in artistyk lieder jongereinteäter oan: Karlijn Kistemaker. Dizze wike is der in bernefoarstelling fan har yn premjêre gien by Tryater: 'Dit wie it waar wer'.
Tryater sil mear de fokus lizze op jeugd
De foarstelling giet oer waarfrou Paulette Ietsema dy't allinnich mar it waar fan hjoed doart te foarspellen. Dat fan moarn is net mear te foarsizzen. Der komt op humoristyske wize allegear ekstreem waar foarby: fan in iistiid oant orkaan Harko dy't oer Fryslân raast.
It giet der ek oer dat Paulette har takomst ris ûnder eagen komme moat. Se smookt, wasket har klean net, mar keapet se hieltyd nij en bestelt alles wat los en fêst sit fia ynternet. Se komt om yn har eigen CO2-útstjit.
Karlijn Kistemaker © Tryater, Florian Cats

Klimaatferoaring

De foarstelling giet oer klimaatferoaring en is in goed foarbyld fan de rjochting dy't Kistemaker op wol. Se wol grutte tema's by de kop pakke dy't te krijen hawwe mei de minsk, natuer, iten en dus it miljeu. "Het lijkt me leuk om dat inzichtelijk te maken zodat de kinderen kunnen lachen, zich verbazen of er zelf over na gaan denken. Ik vind het belangrijk dat kinderen hier al mee in aanraking komen en hier een mening over kunnen vormen."
Kistemaker giet fan it simmer los, tagelyk mei de nije artistyk direkteur Tatiana Pratley, dy't Ira Judkovskaja opfolget.
Karlijn Kistemaker oer har plannen foar it berneteäter