Moaie wike foar Kallon krijt ferfolch: werom yn basis Cambuur

It is in moaie wike foar Issa Kallon. De oanfaller fan SC Cambuur begjint freed foar it earst sûnt 12 jannewaris wer yn de basis by SC Cambuur. Doe rekke er blessearre oan syn hamstring. Boppedat ferlinge er dizze wike syn kontrakt yn Ljouwert mei twa jier. De rentree fan Kallon yn de basis betsjut dat Giovanni Korte tsjin Roda JC wer plaknimt op de bank.
Issa Kallon:
Issa Kallon
It kontrakt fan Kallon soe nei dit seizoen ôfrinne en dus soe er fergees de doar útrinne kinne. Mar sa fier kaam it dus net. Hy bliuwt twa jier langer yn Ljouwert. "Ik ben er heel erg blij mee. Er is lang over nagedacht. Ik zit goed op mijn plek hier en krijg veel vertrouwen van de staf. Ik kan me hier verder ontwikkelen. De trainer speelt er een grote rol in", fertelt Kallon.
Der is de ôfrûne tiid wol wat feroare, want yn de winterstop drige Cambuur Kallon noch kwyt te reitsjen. "We zaten eerst niet op één lijn, maar na het gesprek met de trainer kregen de beleidsbepalers ook een ander beeld van wat ik wilde. Toen zijn we snel op één lijn gekomen."
Foar it earst sûnt 12 jannewaris stiet Kallon wer yn de basis. Nei syn hamstringblessuere is er dêr fysyk wer klear foar: "Ik heb vorige week dertig minuutjes gespeeld en ik ben er goed uitgekomen, daarna had ik geen last van mijn hamstring. Ik voel me goed en ben er klaar voor om te starten."
© Orange Pictures
Ek trainer Henk de Jong is bliid mei de kontraktferlinging fan Kallon. "Wy kinne hiel goed mei-inoar opsjitte. Issa wol graach by ús bliuwe. Dat jonkje kin ek yn de earedifyzje trochgroeie, as we dêr oait in kear hinne gean kinne. Mar it is benammen in fantastyske jonge om mei te wurkjen."

Van der Vlag en Bosschaart

It kontraktnijs fan Kallon wie net it iennige nijs fan dizze wike. Woansdei makke de klup bekend dat ek keeperstrainer Peter van der Vlag en assistint-trainer Pascal Bosschaart langer yn Ljouwert bliuwe. De Jong dêroer: "Se bringe safolle kwaliteit. Dat jout my safolle rêst as haadtrainer. It binne, lykas mei Issa, fantastyske jonges om mei te wurkjen. Se binne net gemien en ik hoech net efterom te sjen oft se my sjitte. Ik kin iepen wurkje en dat is wol hiel lekker."
Henk de Jong:
Trainer Henk de Jong

Roda JC

Nettsjinsteande dat Roda JC teloarstellend prestearret - de Limboargers steane twa-nei-lêste - tinkt De Jong dat it in drege wedstriid wurdt. "Ut hiene we it ek lestich. Se sille goed kompakt spylje. We sille 95 minuten lang echt konsintrearre spylje moatte. We kinne net maklik tinke, dan binne we hiel gewoan. Dat hindert neat as je gewoan binne, mar we kinne der ek boppe-út stekke. Dat moatte we dwaan."
Ferline wike waard de spilersbus fan Cambuur opwachte nei it duel mei Almere City. Dat hat de spilersgroep in boost jûn, sa seit de trainer fan de Ljouwerters. Guon fan syn team wisten net wat se meimakken: "Spilers kamen nei my ta: 'Trainer, dit hebben we nog nooit meegemaakt.' As we noch mear ús bêst dogge, gebeure der noch gekkere dingen. Dat is wat Cambuur is."
De wedstriid tusken SC Cambuur en Roda JC begjint freedtejûn om 20.00 oere. It is live te folgjen yn in ekstra sportprogramma by Omrop Fryslân op 'e radio. It kommentaar út it Cambuur Stadion komt fan ferslachjouwer Geert van Tuinen. Sneon is der in wiidweidige gearfetting werom te sjen yn it Cambuur Sjoernaal.