"Epke nei de Spelen? Hûndert persint wis!"

Epke Zonderland is fit genôch om in goeie oefening del te setten. Dat seit syn broer Herre Zonderland. Epke turnet dit wykein de earste fan trije wrâldbekers. Dêrnei wurdt dudlik oft Epke him pleatst foar de Olympyske Spelen. Freed binne de kwalifikaasjewedstriden fan de earste wrâldbeker en snein de finale yn Melbourne.
Herre Zonderland leit yn 30 sekonden út hoe't Epke him pleatse kin foar de Olympyske Spelen:
Herre yn 30 sekonden
It is nochal yngewikkeld. Epke moat oan in oantal betingsten foldwaan. Earst dit wykein by de wrâldbeker yn Melbourne, tusken 12 en 15 maart yn Baku (Azerbeidzjan), en in wike letter yn Doha (Katar). Dêrnei is dúdlik oft Epke op giet foar syn fjirde Olympyske Spelen.
Hidetaka Miyachi is de konkurrint fan Epke. In turner út it goeie turnlân Japan. Dat lân hat sáfolle goeie turners, dat Miyachi net yn oanmerking komt foar in plak yn it team. Japan pleatste him as team nammentlik wol foar de Spelen, mar Nederlân net.
Miyachi is lykwols net goed genôch om mei it team mei te dwaan. "Hy is net goed genôch foar it team. Mar wol in wrâldtopper op de rekstok", sa seit Herre. Dat docht ek wol bliken, want Miyachi wûn al trije wrâldbekers.

"Mar om't hy in hiele goeie oefening delsette kin, nimt hy ek mear risiko"

Epke wûn twa kear en waard ien kear twadde. "Epke moat dus yn elts gefal noch ien wrâldbeker winne. Dan stean se gelyk." Ek al wint Miyachi dêrnei noch mear wrâldbekers, dat makket neat út. As Epke ien wrâldbeker wint is it 3-3. Ien wrâldbeker is dus genôch foar in likense stân. "En dat kin hy. Epke hat faak wol sa'n goeie oefening, dat as dy goed rint, hy faak ek in hege skoare pakt. Dan wurdt ientsje winne ek mooglik. Mar om't hy in hiele goeie oefening delsette kin, nimt hy ek mear risiko."
Sjoch hjir nei in reportaazje mei broer Herre en turncoach Tjalling van den Berg:
Repo Herre Tjalling
Epke moat njonken in wrâldbeker winne ek in hege skoare delsette. De gemiddelde skoare fan de beste trije oefeningen is bepalend foar wa't der nei de Spelen giet. Dy gemiddelde skoare is no yn it foardiel fan Miyachi. Nei de lêste wrâldbeker yn Cottbus stiet Miyachi op 43,966 punten. Epke hat út de twa wrâldbekers dy't hy wûn hat in skoare fan 29,499 en sa hat hy in skoare 14,468 nedich om Miyachi foarby te gean. "Mar Miyachi kin sels syn skoare ek noch ferbetterje. Hy sil der alles oan dwaan om der foar te soargjen dat Epke net wint of dat syn eigen skoare heger wurdt."
Herre Zonderland oer syn broerke Epke:
Herre oer Epke
De wichtichste fraach is: hoe fit is Epke? Yn novimber waard hy operearre oan syn foarholten. Epke bleau lêst hâlden, hie in soad pine yn 'e holle en syn kondysje wie dêrtroch min. "Mar it giet no better. Hy is al in pear wiken yn Australië om te bouwen oan in goeie oefening. Mar hy is noch net hûndert persint," sa seit Herre. Turncoach Tjalling van den Berg is it dêr net mei iens: "Hy is hûndert persint fit. Net 110 persint. Dat betsjut dat hy neat oer hat."
Turncoach Herre Zonderland oer Epke:
Tjalling van den Berg: "Epke giet nei de Spelen."
Epke moat freedtemoarn om 08.00 oere mei de kwalfikaasje yn aksje komme. As hy him dan pleatst foar de finale, dan moat hy sneintemoarn om 05.00 oere wer.