'Welles-nietesspultsje' oer stikstofsifers nei eigen ûndersyk fan Mesdagfûns

20 feb 2020 - 13:17

Guon boeren lizze al sûnt it begjin fan de stikstofkrisis mei it kabinet yn de klinsj oer it oandiel fan de agraryske sektor yn de stikstofproblematyk. Neffens it RIVM binne de boeren ferantwurdlik foar 46 persint fan de stikstofútstjit. De boeren sels sizze dat de sifers net doge en hawwe dêrom sels ûndersyk dwaan litten troch it Mesdag Zuivelfonds.

It Mesdag Zuivelfonds is in belange-organisaasje, ea oprjochte út de noardlike boere-organisaasje NLTO, om de kwaliteit fan de molke te ferbetterjen. Dat is no ek noch de offisjele doelstelling fan de organisaasje. It bestjoer bestiet út trije minsken dy't direkt ferbûn binne oan melkfeehâlderijen. Mar de organisaasje hat wol ûnôfhinklike ûndersikers ynskeakele.

Yn de sifers fan it Mesdag Zuivelfonds stiet dat de agraryske sektor ferantwurdlik is foar 23 persint fan de stikstofútstjit. As de útlekte sifers klopje, leit it oandiel fan de boeren dus folle leger as dat it RIVM seit.

Grutte ferskillen

Mar hoe kin it dat de ferskillen tusken de berekkenings fan it RIVM en it Mesdag Zuivelfonds sa grut binne? "Undersikers fan it suvelfûns stelle dat it RIVM saken net meirekkenet, dy't wol meitelle moatte soene. Ien foarbyld: it opwaarmjen fan in katalysator fan in auto soarget foar útstjit, mar wurdt by it RIVM net meinaam", leit Omrop-ferslachjouwer Hayo Bootsma út.

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

"En it Mesdag Zuivelfonds seit dat it RIVM ferâldere gegevens brûkt hat, dy't der gjin rekken mei hâlde dat in soad boeren yntusken oerstapt binne op oar fretten foar it fee en dat se wetter by de jarre dogge. En dat soarget foar minder útstjit."

Boeren fertrouwe gegevens RIVM net

It kabinet brûkt de sifers fan it RIVM, dy't opsteld binne troch minsken dy't dêrfoar studearre hawwe. Dochs fertrouwe de boeren net op dy gegevens. "Se ha sels in stekproef dien yn Brabân en dêrút die neffens harren bliken dat mar in pear bedriuwen dy't stikstof útstjitte werom te finen binne", ferfolget Bootsma.

"Op basis dêrfan kin it Zuivelfonds dan ek net leauwe dat de sifers klopje. Sy tinke dat de yndustry in folle grutter oandiel hat. Mar dy sifers kinne net frijjûn wurde om't se jilde as privacygefoelige ynformaasje."

Universiteit van Amsterdam

De sifers binne dus net befêstige, mar al wol bekend is dat ûndersikers fan de Universiteit van Amsterdam deroan meiwurke ha. Mar no is der ek al in ûndersiker dy't seit dat de sifers net klopje. De universiteit moat nammentlik noch oan it ûndersyk, dat trije jier duorret, begjinne. It rapport is dus net basearre of sifers út harren ûndersyk, seit de universiteit.

'Welles-nietesspultsje'

De tsjinstridige rapporten meitsje de hiele diskusje tusken de boeren en it kabinet der net makliker op. "Wat je no krije, is in 'welles-nietesspultsje'. De boere-organisaasjes sille sizze: sjogge je wol, it doocht allegear net. En dat set de diskusje polityk ûnder druk", leit Bootsma út.

"Dat sjochst no al oan de hâlding fan bygelyks it CDA yn de Twadde Keamer. Keamerlid Jaco Geurts fan dy partij seit yn de krante sûnder kennis te hawwen fan de útkomst fan it ûndersyk dat dizze sifers betsjutte dat der in bomke lein wurdt ûnder it stikstofbelied fan it kabinet. Dus de diskusje kin begjinne, liket my."

Hayo Bootsma oer de stikstofsifers fan it Mesdagfûns

(advertinsje)
(advertinsje)