Fernuvering oer ôfskaf wetterskippen

Logo Wetterskip Fryslân © Omrop Fryslân
Wetterskip Fryslân is fernuvere dat de Twadde Keamer no wer prate wol oer ôfskaffen fan de wetterskippen. Mei it kabinet is krekt ôfpraten dat it wetterskip der taken bykriget. Dat seit dykgraaf Van Erkelens.
Yn de Twadde Keamer is in mearderheid fan D66, PvdA, SP en PVV dy't fynt dat it wurk fan it wetterskip better troch de provinsjes dien wurde kin. Sa kinne miljoenen besparre wurde op oerliskosten, salarissen en wachtjild foar bestjoerders. Van Erkelens leaut net yn dy besparring. Neffens him wurkje de wetterskippen krekt hiel effisjint.