Drachtster Boys komt mei reinbôgeflagge: "Van en voor iedereen"

20 feb 2020 - 13:01

De reinbôgeflagge wapperet tenei by Drachtster Boys. De fuotbalklup wol de akseptaasje fan diversiteit yn it fuotbal wykliks stypje troch de flagge sjen te litten. Op tiisdei 25 febrewaris is it foar it earst safier.

Foto: ANP

Dan oerlangje Sportbedrijf Drachten, COC Friesland, Tûmba en de KNVB de flagge oan Drachtster Boys. Der komt ek in fotomomint.

"Drachtster Boys wil op deze manier krachtig en helder laten zien dat iedereen, ongeacht geaardheid, ras, kleur, culturele achtergrond of wat dan ook van harte welkom is", seit foarsitter Gijs Lonkhorst. "Om te voetballen, te trainen of vrijwilliger te zijn. Wij willen een veilige omgeving bieden voor iedereen. Drachtster Boys is van en voor iedereen."

Yn it ramt fan de ferieningsstipe dy't Sportbedrijf Drachten yn de gemeente Smellingerlân jout, binne beide partijen yn petear oer de mooglikheden om der deistich omtinken oan te jaan.

(advertinsje)
(advertinsje)