Wer grutte stofsûger op Skier om kerrels op te romjen

Op Skiermûntseach is tongersdei wer in trekker mei in spesjale stofsûger oan de slach gien om kerrels op it strân op te romjen. De kerrels binne noch altyd ôfkomstich fan de MSC Zoe, dy't goed in jier lyn in grut tal konteners ferlear boppe de Waadeilannen.
Foarich jier is ek al ris besocht om mei in stofsûger de kerrels op te romjen, mar doe bleaune der dochs te folle fan kerrels lizzen. De stofsûger dy't no op it eilân is, is wat lytser mar folle krêftiger en dat moat effektiver wêze.
De trekker mei de stofsûger bliuwt krekt sa lang op it eilân oant de measte kerrels opromme binne. Mei de stoarmen fan de ôfrûne wiken is der wer in soad rommel tefoarskyn kaam.
Cynthia Borras, boskwachter op Skiermûntseach