It Fryske Gea bestiet 90 jier: fan stekken pleatse oant natuerûntwikkeling

20 feb 2020 - 12:31

It Fryske Gea bestiet dizze wike njoggentich jier. Takom sneon is it safier. It inisjatyf ta oprjochting fan de natuerklup kaam yn 1930 fan Natuermonuminten. De earste tritich jier wie de natuerbehearder in klup fan frijwilligers. Der wie doedestiids ek gjin offisjeel oerheidsbelied om de natuer te beskermjen. Yn de tuskentiid is der in soad feroare.

No hat It Fryske Gea grutte natuergebieten yn behear, mar dat wie yn it begjin wol oars. Direkteur Henk de Vries: "It wiene frijwillige natuerbeskermers dy't net in soad jild hienen. En it begûn mei lytse terreintsjes en op in bysûndere wize troch middel fan in jefte of sokssawat. Dêr siet Jongemastate by Raerd by, mar ek de Landweer by Bakkefean."

Slach makke nei natuerûntwikkeling

De wize hoe't it natuerbehear barde is ek bot feroare. Earder wie bygelyks in stek om in natuerterrein hinne sette genôch, mar letter waard dúdlik dat de natuer bytiden ek beheard wurde moat. En dêrnei is de slach makke rjochting natuerûntwikkeling. Dat betsjut: derfoar soargje dat der bysûndere natuer komt op plakken dy't de potinsje hawwe om dêr romte foar te bieden. De Séfonsterpolder by Riis is dêr in foarbyld fan. As dat trochgiet, soe dat de nijste oankeap fan It Fryske Gea wêze.

De grutste útdaging fan It Fryske Gea is om mei oaren it netwurk ôf te meitsjen dat de natuergebieten mei-inoar ferbynt.

"Wy sjogge no dat as wy it leechhingjende fruit foarby binne en it yngewikkelde diel realisearje wolle, dat mear partijen dêr ek in rol yn hawwe", seit Henk de Vries. "En dêr binne wy no yn Fryslân mei dwaande, mei 'Natuer mei de Mienskip'. Dêr hawwe wy in gearwurking tusken lânbou- en natuerorganisaasjes, partikuliere grûnbesitters, wetterskip en provinsje om te sjen oft wy dy natuerstruktuer yn Fryslân foarinoar krije kinne. It is yngewikkeld en kompleks, mar úteinlik moat dêrfoar ek mear draachflak komme. En ik tink dat it der dan ek better op wurdt."

(advertinsje)
(advertinsje)