Dronken bromfytser trappearre op ride sûnder rydbewiis

De plysje hat yn de nacht fan woansdei op tongersdei in 31-jierrige bromfytser út Ljouwert betrape op it riden sûnder rydbewiis. Hy bliek ek ûnder ynfloed fan alkohol. Hy blaasde 570 mikrogram, wylst dat yn it ferkear maksimaal 220 wêze mei.
Scooter © Shutterstock.com
Syn 30-jierrige passazjier hie ek te djip yn it gleske sjoen en krige in rydferbod om foar te kommen dat sy achter it stjoer krûpe soe. In oere letter waard se dochs ridend oantroffen. Op it buro moast se in blaastest dwaan, dêr't út bliken die dat se ek mear alkohol hân hie as tastien. Sy krige ek in proses-ferbaal foar it riden ûnder ynfloed en it riden mei in rydferbod.