FIDEO: Manon Kamminga wint ek yn Luleå: "Het is echt anders dan de Weissensee"

Reedrydster Manon Kamminga fan Haulerwyk hat yn it Sweedske Luleå de fjirde wedstriid om de KPN Grand Prix wûn. Nei goed 80 kilometer wie se yn de sprint te rap foar Merel Bosma fan It Hearrenfean en Lisanne Buurman. By de manlju einigen der gjin Friezen op it poadium.
Manon Kamminga:
Manon Kamminga
Ferskate kearen besochten twatallen of groepkes fuort te kommen út it peloton. Dat slagge se somtiden ek, mar nea koene se lang fuort bliuwe. Dêrom einige de race yn in massasprint. Dêrop is Kamminga dit seizoen meastentiids de sterkste en no dus ek wer.
Merel Bosma:
Merel Bosma

Tredde oerwinning Kamminga

De wedstriid fan tongersdei yn Luleå is de fjirde yn it KPN Grand Prix-klassemint. Dat bestiet yn totaal út seis wedstriden. Ein jannewaris wiene op de Weissensee yn Eastenryk de earste trije wedstriden, kommend wykein yn Luleå de lêste twa. Kamminga wûn ek twa fan de trije earste Grand Prix-wedstriden. Sy is ek klassemintsliedster.
Lisanne Buurman, Manon Kamminga en Merel Bosma © Tims Imaging

Gjin Friezen op poadium by manlju

Crispijn Ariëns wûn de koers by de manlju. Hy wie nei 100 kilometer de rapste yn in kopgroep fan fiif. Yn de einsprint fersloech er ûnder oare Jordy Harink en Frank Vreugdenhil, dy't twadde en tredde waarden.
De bêste Fries wie Jouke Hoogeveen. De yn Drylts berne Amsterdammer siet wol yn de kopgroep, mar einige krekt njonken it poadium: fjirde.