Famkes meie twa jier de supermerk net yn fanwege stellerij

20 feb 2020 - 11:11

Twa famkes fan 15 en 16 jier binne woansdei yn Ljouwert betrape op winkeldieverij. Se woene útnaaie mei snobbersguod en drinken sûnder te beteljen.

Foto: Plysje

Yn oerlis mei de winkelmanager krigen de famkes in reprimande. Beiden waard in winkelferbod fan twa jier oplein. Nei it ynsidint binne se troch de plysje by harren âlden ôflevere en is der in soarchmelding opmakke.

(advertinsje)
(advertinsje)