Nicole Steigenga sprint nei winst yn Dubai

Hurdfytster Nicole Steigenga fan Eksmoarre hat yn de Feriene Arabyske Emiraten de lêste rit fan de Dubai Women's Tour wûn. Se wie de rapste yn in kopgroepke fan fiif froulju.
De lêste meters fan de rit:
De 22-jierrige Steigenga wie mei fjouwer oaren fuortriden út it peloton wei, tritich kilometer foar de finish. De fiif striden dêrnei om de winst yn de slotetappe. Steigenga kaam krekt wat earder oer de streek as Amalie Lutro út Noarwegen.

Earste Nederlânske winst

Steigenga is de earste Nederlânske hurdfytster dy't dit jier in UCI-koers wint. It is foar Steigenga har earste oerwinning yn it shirt fan har nije team Doltcini-Van Eyck Sport en har twadde oerwinning yn har karriêre op World Tour-nivo. Yn 2018 wûn se in etappe yn de Ronde fan Valencia.
De einoerwinning yn de earste edysje fan de Dubai Women's Tour wie foar Lucy van der Haar út Ingelân. Steigenga einige as trettjinde yn it algemien klassemint.