Kollum: "Sweve"

"Op YouTube folgje ik in bassist út New York. Hy spilet yn in stik of wat bands, en dêr makket hy filmkes oer. Mar ek giet it faak oer opfallende saken út de wrâld fan 'e muzyk. En dan bedoel ik net de soundtrack by de nijste James Bond-film, hoewol't er dêr ek wis in nijsgjirrich ferhaal oer hâlde kin, mar oer wêrom't muzyk wurket sa't dy wurket, hoe't muzyk oars belibbe en makke wurdt op ferskillende plakken op 'e wrâld, en wêr't je je op rjochtsje kinne as je mei muzyk oan 'e gong binne. Foar de leafhawwer: hy hjit Adam Neely.
© Omrop Fryslân
De Toan fan Botte Jellema
Soms is it hiel fiergeande muzykteorie, dy't myn pet fier te boppe giet. Mar it is ek wolris wat mear filosofysk fan aard. Sa frege Adam him koartlyn ôf wêrom't hy dochs sa'n útsprutsen hekel hat oan hjoeddeiske kristlike muzyk. Witst wol, fan dy evangelyske stadionrock foar yn tsjerken mei systeemplafonds. Hy sette himsels derta om in wike lang nei sokke muzyk te lústerjen, yn 'e hoop der dochs wat wurdearring foar te krijen. Spoiler alert: dat bart net.
Yn syn research stuite hy op in oar YouTube-kanaal, dêr't in bandlieder fan in Amerikaanske tsjerkeband útleit hoe't je no op de korrekte manier hjoeddeiske kristlike muzyk meitsje, mei drumstellen, gitaarfersterkers en djoere kondensatormikrofoans. En korrekt is dan sa't God it ha wol, fansels. Tegearre mei Adam ferwûnderje ik my deroer dat de man seit dat je as muzikant nea tefolle yn 'e muzyk op gean meie. En soms tsjin de gitarist sizze moatte, nee, no wer even normaal dwaan, gjin gekke solo's of oare fratsen. Sweve, mar dan al mei beide poaten op 'e grûn.
En ik begryp dat, as eks-kristen, earne wol: alles moat fansels yn tsjinst stean fan it earjen fan dy God, en allinnich God sels mei sublym wêze, net de minske, en je meie wol earne yn op gean, salang't dat it leauwen mar is. En wis net de muzyk!
Foar Adam foarmet dit de kearn fan wêrom't hy sa'n hekel hat oan hjoeddeiske kristlike muzyk: it sil nea meislepend wurde; nea sil it sublym wurde en nea sil it wat mear dwaan as wat it strikt nedich hat om de boadskip oer te bringen. Mar dat is no just wêr't muzyk al oer giet, oer je meislepe litte yn in gefoel, in gefoel dêr't miskien gjin wurden foar binne, en dêrom binne der noaten. Dêrom binne der drums en snaren en rieten.
Muzyk meitsje, hjit spyljen, en yn it Nederlânsk en it Ingelsk is dat itselde wurd as foar boartsjen. Muzyk ûndergean, ik bedoel dus lústerje op in konsintrearre manier, sa as by in konsert, kin in ûnderfining wêze dêr'tst noch jierren lang oer neiprate kinst. Sa sil ik myn libben lang net mear ferjitte dat ik op 2 maart 2015 in Paradiso wie, by it konsert fan D'Angelo And The Vanguard. As ik de filmkes dêr fan op YouTube sjoch krij ik wer pikefel, en soms om ûnbegryplike redenen sels triennen yn 'e eagen. Ik kin net stil sitte as ik se Sugah Daddy spyljen hear. Dat momint yn Paradiso wie ien fan 'e belangrykste mominten fan myn libben en ik ha it libben selden sa fierd as op dat momint.
Ik bin der meastentiids net sa goed yn, sil ik mar earlik sizze. Mar as der in manier is foar my om mysels te ferliezen, om it libben tegearre mei oaren te fieren, dan is it wol de muzyk. Muzyk yn alle foarmen, dy't wat mei je docht troch der oandacht foar te hawwen, en troch de ynteraksje tusken makker en harker. Bassist Adam Neely leit goed út yn syn YouTube-filmke hoe belangryk dat is. En ik moast tinke oan hoe't der besunige is op 'e muzykskoallen yn 'e ôfrûne tiid; op orkesten en ek op biblioteken. De dingen yn it libben dy't net oer effisjinsje, produktiviteit of devoasje gean, mar oer dat wat in minskelibben no just in minskelibben makket.
Ik ha koartlyn dochs mar wer in kaartsje kocht foar North Sea Jazz. Want je witte mar nea of dêr wer in D'Angelo is, dy't my even sweve litte kin."