Proef mei asylsikers as tolk yn Smellingerlân mei jier ferlinge

20 feb 2020 - 07:39

De gemeente Smellingerlân ferlinget de saneamde Tolkenpool, in groep fan asylsikers en statushâlders dy't yn te setten binne as tolken foar lotgenoaten, mei in jier. Organisaasjes en boargers kinne in berop dwaan op de frijwillige tolken.

It asylsikerssintrum yn Drachten - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

De pool is ein 2018 begûn as eksperimint foar in jier en wurdt no dus wer in jier ferlinge. "It foldocht goed en der wurdt in soad gebrûk fan makke", seit Antje van der Veer fan de Tolkenpool.

De Tolkenpool is in eksperimint fan de gemeente, VluchtelingenWerk, it COA en Maatschappelijke Onderneming Smallingerland (M.O.S.). "As ien in tolk nedich hat, bellet dy mei it haadkantoar fan de M.O.S. Dan sizze se wêr't en wannear't se in tolk nedich hawwe. Dan komme se by my en ik keppelje it wer werom nei de persoan dy't de tolk nedich hat."

'Huis-, tuin- en keukengesprekken'

Yn dy groep sitte benammen asylsikers en statushâlders dy't as tolk optrede by 'huis-, tuin- en keukengesprekken'. Dêrby giet it bygelyks om in petear op skoalle of yn it buerthûs of oanmelde by de sportferiening. De frijwilligers hawwe in training hân fan VluchtelingenWerk oer (ynterkulturele) kommunikaasje en petearfeardigens.

It binne benammen asylsikers en statushâlders dêr't foar tolke wurde moat. Mar de tolken kinne ek oanfrege wurde troch boargers dy't bygelyks yn kontakt komme wolle mei de buorfrou dy't net deselde taal praat. "Elkenien mei in berop dwaan op de Tolkenpool."

Antje van der Veer fan de Tolkenpool

Neffens Van der Veer dogge de asylsikers it tolkwurk graach, om't se dan mei de Nederlânske taal oefenjen kinne. "Se witte sels ek hoe lestich it is ast de taal noch net machtich bist en dêrom fine se it it hiel fijn om in oar te helpen."

Mear tolken wolkom

Op dit stuit binne der sân tolken aktyf yn de pool. "Mar dêr kinne altyd noch mear by. We sykje no benammen minsken dy't Dari, Urdu, Farsi en Tigrinya sprekke", seit Van der Veer. "We hawwe wol in soad tolken Arabysk, mar dêr wurdt in soad nei frege, dus dêr binne ek altyd mear fan wolkom. Minsken dy't dat wol wat liket, kinne har melde op de webside fan de M.O.S."

(advertinsje)
(advertinsje)