Thierry Baudet: "Polityk moat ophâlde mei har ûnsinnige stikstofbelied"

20 feb 2020 - 06:51

De boeren binne wer thús nei in lange protestdei yn Den Haag woansdei. Mar de fraach dy't oerbliuwt, is: wat hawwe de protesten opsmiten? Premier Rutte en lânbouminister Schouten wiene yn elts gefal net oanwêzich by de boeremanifestaasje en hawwe harren ekskuzen net oan de boeren oanbean, sa't Farmers Defence Force easke.

Thierry Baudet (Forum voor Democratie) en Maurits von Martels (CDA):

Neffens Thierry Baudet (FvD) moatte de boeren foaral trochgean mei aksjefieren. "Eén demonstratie helpt niet, maar als de mensen in woord en daad laten zien dat ze het echt niet pikken, dan is er de kans dat er iets gaat veranderen", seit Baudet. "Er moet echt iets in het beleid veranderen. Je kunt niet op deze manier zo'n belangrijke sector blijven afknijpen."

Neffens Baudet moat de polityk ophâlde mei har 'ûnsinnige stikstofbelied', opkomme foar de boeresektor en bedriuwen wer de romte jaan. "En die sector moeten ze koesteren, want die is de ruggengraat van Nederland."

Druk

Op CDA'er Maurits von Martels hat it protest yndruk makke. Hy wie earder sels ek melkfeehâlder, mar sit hjoed-de-dei yn de Twadde Keamer. De boeren binne teloarsteld yn it CDA, om't dy partij yn har eagen net genôch foar harren opkomt. Von Martels hat by alle boereprotesten fan de ôfrûne tiid oanwêzich west en fielt de druk fan de boeren. "Die voel ik dagelijks, maar de druk ligt vooral op het Binnenhof zelf, waar we dagelijks te maken hebben met andere tegengestelde krachten in het politieke spectrum."

Von Martels wol de kommende tiid it natuerbelied ta diskusje stelle. "Als je kijkt naar de Natura 2000 zie je dat er in het verleden onrealistische doelstellingen zijn geformuleerd, die nooit waargemaakt kunnen worden. De huidige maatregelen moeten on hold worden gezet."

Foto: Omrop Fryslân, Alle Faber

Mick Tinga, regiobehearder by Farmers Defence Force, sjocht tefreden werom op de protestdei woansdei. "Het was een mooie dag en alles is goed verlopen." Neffens him hawwe alle boeren har oan de oprop hâlden om net oer de sneldiken te riden. "Uitendelijk waren er zo'n 10.000 boeren, meer dan wij hadden verwacht."

Koälysjepartij D66 hat yntusken sein dat se net mear mei Farmers Defence Force yn petear wolle, om't de 'ekstreme groep' net oan de ûnderhannelingstafel heart. Dêr is Tinga it net mei iens. "Farmers Defence Force is in korte tijd ontstaan en kijk naar wat we hebben bereikt."

Mear druk op de saak

Tinga tinkt dat it protest effekt hân hat en fynt dat de boeren de demonstraasje netsjes hâlden hawwe. "Ze mogen in Den Haag in hun handen knijpen. Als je kijkt naar hoe ze in Frankrijk protesteren bijvoorbeeld..." Neffens him moat der yn elts gefal noch mear druk op de saak komme. "We gaan zien wat donderdag de uitslag is en wat de reacties zullen zijn. Het is een spannende dag."

Mick Tinga, regiobehearder by Farmers Defence Force

(advertinsje)
(advertinsje)