Moaiste camperplak fan Nederlân leit yn Lollum

19 feb 2020 - 22:06

De moaiste camperlokaasje fan Nederlân leit yn Lollum. Alteast, dat fine de besikers fan it grutste camperplatfoarm fan Europa 'Campercontact'. It giet om camperboerepleats Landgoed Hizzard yn Lollum dat eigendom is fan it pear Piet en Martha Kaastra.

Landgoed Hizzard Lollum camperboerepleats - Foto: Facebook Landgoed Hizzard

It terrein is 5 hektare grut, mar dochs is der mar plak foar fjouwer campers. De 'camperboerepleats' krige as wurdearring yn trochsneed it sifer 9.8 fan de besikers. Der moasten minimaal fyftjin resinsjes oer de lokaasje komme. Twadde waard Campererf Kweetal yn Súd-Hollân en tredde Wellinghoeve yn Groessen.

Opmerklik is dat twa jier ferlyn de priis ek nei Piet en Martha yn Lollum gie. Neist it oanbieden fan fjouwer camperplakken makket it pear ek meubels en hâlde se ek noch wat bisten. Yn it ferline wienen se boer, mar dêr binne se jierren ferlyn mei ophâlden. Op it camperplatfoarm is ynformaasje te finen oer 33.000 camperlokaasjes yn Europa. Elke moanne sjogge 180.000 minsken op de webside.

Ferslachjouwer Willem de Vries is op de camperboerepleats yn Lollum

(advertinsje)
(advertinsje)