FIDEO: IepenUp live oer ûnderwetterwrâld

19 feb 2020 - 19:31

Yn it Fries Museum is sûnt fan 'e wike in ekspoysje te sjen oer de see en de ûnderwetterwrâld. Al iuwenlang wurdt de minske ta de see oanlutsen. De see ropt in unyk gefoel op fan tiidleasheid en ferbûnens. De see kin myld en kleurleas wêze, mar ek wreed en smoarch. Yn Other.Worldly besykje goed tweintich keunstners de ûnderwetterwrâld te trochgrûnjen.

Yn dizze ôflevering fan IepenUP live prate wy mei keunstners oer de nije útstalling yn it Fries Museum oer wetter en de see.

Bert Looper fan Tresoar fertelt oer de skiednis fan wetter yn de Fryske taal en keunstner en muzykant Tristan Visser lit heare hoe't er by Grienlân mei walfisken muzyk makket.

Fierders lit dichterskollektyf Rixt hearre en sjen hoe'n wichtich plak oft it wetter yn de Fryske poëzy hat.

Ald-fiskerman Doeke van der Zee komt ek del om te fertellen oer hoe't it is om op see te wêzen. Te sjen is in fragmint fan de koarte film 'Bûtendyk' dy't de earste priis wûn hat foar bêste amateurfilm op it Noardlik Filmfestival..

IepenUP live wurdt alle woansdeis útstjoerd út Neushoorn yn Ljouwert wei. Belangstellenden binne wolkom fan 19:30 oere ôf. De tagong is fergees. De útstjoering is fan 20.00 oere ôf te folgjen fia in livestream op de Facebookpagina's fan IepenUP en Omrop Fryslân, Omropfryslan.nl en Omrop-app.

(advertinsje)
(advertinsje)