Manlju oanholden foar fernieling en stellerij militêr oefenterrein

19 feb 2020 - 19:17

De Keninklike Maresjaussee hat mei fjouwer manlju út Achtkarspelen in skearegeling troffen. Op Aldjiersdei hawwe de manlju fan tusken de 18 en 21 jier âld fernielingen oanrjochte en wat stellen fan it militêre oefenterrein Marnewaard by Lauwerseach.

Marnewaard - Foto: Google Maps

De fjouwer manlju kamen yn byld nei't de maresjaussee in ûndersyk ynsteld hie. De resjerzje fan de maresjaussee hat ôfrûne wike mei harren oer de saak praat. Mei harren is in skearegeling ôfpraat. Foar de fierdere strafrjochtlike ôfhanneling wurdt it dossier nei it Iepenbier Ministearje opstjoerd.

(advertinsje)
(advertinsje)