Man beknypt yn in masine by in bedriuw yn De Westereen

19 feb 2020 - 18:30

Yn De Westereen is woansdeitemiddei in man beknypt rekke yn in masine. Dat barde by in loads oan de Nijverheidswei, efter in wente oan de Fogelzang. Der is in ambulânse op it plak en der soe ek in traumahelikopter hinne flein wêze.

Foto: Srfotografie

De brânwacht besiket it slachtoffer te befrijen. Hoe't it mei it slachtoffer giet, is net bekend.

(advertinsje)
(advertinsje)