Deputearre Hoogland skoot 'reinbôgeflagge' troch nei Provinsjale Steaten

De provinsje kaam woansdeitemiddei mei in parseferklearring nei oanlieding fan de publike diskusje oer de reinbôgeflagge. Telefyzjepresintator Sipke Jan Bousema spruts him earder by Omrop Fryslân út foar de flagge. D66 stelde Keamerfragen oan minister Van Engelshoven oer de saak. Deputearre Douwe Hoogland seit yn de parseferklearring dat Fryslân iepenstiet foar elkenien.
© Shutterstock
Dat Fryslân gjin reinbôgeprovinsje is, betsjut net dat Fryslân tsjin is, seit Hoogland. "Fryslân stiet iepen foar elkien, gjinien útsûndere. Dat wol ik hiel dúdlik sizze."

Diskriminaasjebestriding

Hoogland wiist derop dat Fryslân aardich wat jild stekt yn diskriminaasjebestriding. It giet om in bedrach fan 800.000 euro. Ek fynt er dat it oan Provinsjale Steaten is om te besluten oer de reinbôgeflagge. "Wy meitsje serieus wurk fan akseptaasje en gelikense behanneling", seit Hoogland. "Net symboalysk, mar troch serieus te ynvestearjen. Acht ton yn allerhanne projekten, mar ek troch 100.000,- euro by te dragen oan de lanlike Rôze Sneon dy't dit jier op 20 juny yn Ljouwert hâlden wurdt."
Oant no ta wie yn de Steaten gjin mearderheid foar de reinbôgeflagge. Dy soe oerstallich wêze, omdat gelikense behanneling fan bygelyks seksuele aard al regele is yn de grûnwet.
Opfallend is dat Hoogland sels fan de PvdA is. Foar de ferkiezings fan ferline jier siet dy partij noch yn de opposysje. Doe wiene se noch wol foar de reinbôgeflagge.